International
Header

Jonokognos

Festival 2012
JNK

Jonokognos is in Friûlyske folkrock band, mei in ritmysk en meloadysk repertoire. Jonokognos sjongt oer saken as freonskip, marginalisearring, leafde en haat. De band bestiet út Luca D’Angela (sang en gitaar), Simone Mariotti (gitaat), Mauto Pontisso (bas), Luca Morassutti (perkusje) en Stefano Locatelle (slachwurk). De band is ûnderdiel fan it ûnôfhinklike label Musiche Furlane Fuarte. Yn 2002 wûn Jonokognos de premiu Friûl foar de bêste band fan it jier. Jonokognos hat twa albums makke, Liendis en Discolcj, en ek ferskate muzykfideos produsearre. Live spylje fynt Jonokognos it moaist. Harren nûmer Mai mai (Nea nea) is neffens kenners ien fan de moaiste Friûlyske nûmers fan de lêste jierren.

Kinst in klip en de tekst fan it liet hjir fine.

Media


Partners