International
Header

La Schlapp Sauvage

Festival 2017
Photo by D. Vanspranghe

Photo by  D. Vanspranghe

La Schlapp Sauvage is oprjochten yn de maitiid fan 2016. De twa muzikanten binne thús yn it Lân mei de trije grinzen en ûnder harren konserten biede sy in muzikaal aventoer troch sawol yn it Frânsk as Luksemburgsk te sjongen. Mei harren liet wol La Schlapp Sauvage de kulturele rykdom fan harren meartalige regio markearje en opkomme foar taal, frede en ynterkultureel bewustwêzen.

La Schlapp Sauvage bestiet út Olivier Niedercorn en Jo Nousse. Sy sjonge it liet “Blanne Käpitan” (“Bline kaptein”) en dogge dit yn it Luksemburgsk, of Lëtzebuergesch sa’t sy it sels neame.

Partners