International
Header

Mary Ann Kennedy & friends with Còisir Ghàidhlig Inbhir Nis

Festival 2017
Mak 964 v2

Mary Ann’s (yn Gaelic: Màiri Anna NicUalraig) libben is muzyk – sy is opgroeid yn in bekende tradisjonele muzikale famylje yn Glasgow, en oplaat as klassike muzikant. Har rollen as ynstrumintalist, sjonger, koarlieder, programmamakker, komponist en produsint ha laat ta ferskate prizen, wêrûnder de National Mòd (Gaelic festival), Lorient Festival Interceltique, en de Scots Trad Music Awards ‘All-Time’ Best Album. Resint hat sy ynwenjend muzikant fan in Gaelic hegeskoalle (Sabhal Mòr Ostaig) west, wurke oan in opdracht foar PRSF New Music Biennial, de soundtrack foar in BBC dokumintêre oer de Earste Wrâldkriich skreaun en it earste album mei allinne mar orizjinele Gaelic lieten útbrocht.

Mary Ann hat it liet “Grioglachan” (“Stjerrebyld”) skreaun tegearre mei Marcas Mac an Tuairneir. Marcas is in Gaelic skriuwer út York, hy makket diel út fan in twadde generaasje Ierske famylje. Hy is ôfstudearre yn Gaelic en Spaansk oan de Universiteit fan Aberdeen, hy hat in master op it mêd fan Iersk en Skotske literatuer fan dyselde universiteit en in master op it mêd fan fiksje skriuwen foar telefyzje fan de universiteit yn Glasgow. Hy is no begûn oan in promoasje oan de universiteit fan Edingburgh. Hy hat al sukses hân troch it winnen fan ferskate poëzyprizen.

Sy sille begelaat wurde troch in band mei Nick Turner, Finlay Wells, Lorne MacDougall en Euan Burton. En it koar Còisir Ghàidhlig Inbhir Nis (Inverness Gaelic Choir), dy’t bestiet út Mags Burgess Aburn, Victoria Caine, Mhairi Grant, Malina MacDonald, Donald MacIver, Donald McLellan en Morven MacLeod. Sy sjonge yn it Skotske Gaelic.

Partners