International
Header

Pavel Aleksandrov & Dmitry Yakimov

Festival 2017
Pavel Aleksandrov2

Pavel hat net op in beukerskoalle sitten, mar yn plak dêrfan gong hy mei syn beppe mei nei de repetysjes fan in folkloare ensemble. En sa kaam it dat hy al op jonge leeftiid de Udmurtske folksmuzyk moai fûn. As bern wie hy omjûn troch in fantastyske muzikale atmosfear: Udmurtske folkloare lieten útfiert troch syn beppe en op it selde momint Depeche Mode op de radio. Folle letter studearre hy ôf by in muzykoplieding, mei as haadrjochting dirigint fan in akademysk koar. Hy studearret no oan it konservatoarium. Hy wol syn libben weidzje oan stúdzje en it bewarjen fan de Udmurtske folkloare.

Dmitry syn muzikale karriêre begûn doe’t hy 7 jier wie, hy begûn doe oan de muzykskoalle. Hy spile piano en bajan (Russyske fariaasje fan in knopakkordeon). Doe’t hy 13 jier wie, begûn hy mei gitaar en basgitaar en spile yn ferskate muzykgroepen. No is hy in professesjoneel muzikant en arranzjeur. Hy hat toerd troch Spanje, Finlân, Sjina en ferskate Russyske stêden en festivals. Hy hat earder meidien oan Liet International 2012 mei de band Ivan Belosludtsev & 4 CP.

Pavel en Dmitry bringe it liet “Ваньмыз ортче” (“Alles sil foarby gean”), dat Pavel skreau, yn it Udmurtsk.

Media


Partners