International
Header
Liet InternationalSong festival for the best new song in a European minority language

Xera hat sa’n bytsje in eigen muzyksjenre ûntwikkele, dy’t je it bêste as folk-dance omskriuwe kinne. Xera komt fan Astûrië en waard yn 2010 twadde op Liet International yn Lorient, yn Bretanje. Xera kombinearret elektryske muzyk mei tradisjonele muzykynstruminten en kreëarret sa in folslein eigen klankkleur en show. It is dynamysk en sfearysk; folk út de 21e ieu mei in stevige beat. Xera presintearre koartlyn harren nije cd en show mei in grutte iepenlofthappening yn Astûrië, dêr’t tûzenen minsken op ôfkamen. In band mei in grutte namme yn Spanje, dy’t fêst fan doel is om no ek Noard-Europa te feroverjen. Programmeurs fan festivals yn Ingelân komme nei it Saailân om Xera live oan it wurk te sjen.

Partners