International
Header
Yldau wint Liet 2012

Yldau Bylsma en Yldau Hoekstra binne twa talintfolle Fryske sjongeressen, dy’t inoar foar it earst tsjinkamen op it konservatorium fan Swolle. Dêr kamen se der achter dat harren stimmen hiel goed byinoar passe. Yldau Hoekstra hat in hegere sjongstim, Yldau Bylsma har stim is wat leger en rauwer. Meidwaan oan Liet like de froulju wol wat en yn de trein waard de tekst fan it nûmer Fjoer skreaun. It nûmer waard opstjoerd en selektearre, mar doe wie der noch gjin band. In probleem wie dat net, want Jan Hoekstra (gitaar),Marije Hoekstra (drums), Paul van Dyk (piano), Richard Riemersma (gitaar) and Abel van der Laan (bas) hiene wol nocht oan it aventoer. It resultaat wie der nei: Yldau wûn Liet 2012 yn de Ljouwerter Prinsetún en wie dêrmei ek automatysk kwalifisearre foar Liet International 2012 yn Astuerië. Foar Liet 2012 wie Yldau Bylsma ús al opfallen, ûnder mear as de winneres fan SjONG, it sjongfestival foar jongerein, yn 2008.

Kinst in klip en de tekst fan it liet hjir fine.

Partners