International
Header
сжатый

Zaman is in bûtengewoane miks fan moderne arranzjeminten fan de folk muzyk yn de Bashkort/Bashkir taal en in fris, útsûnderlik lûd fan harren eigen orizjinele lieten. It etnyske projekt Zaman is yn 2014 oprjochte. Dat selde jier wie Zamen finalist fan de grutte ynternasjonale muzykwedstriid “Turkvision”.

Yn 2015 en 2016 hat de groep sawol optreden yn Itaalje, as Dútslân en Letlân. Yn de haadstêd fan Letlân, Riga, wiene sy útnûge foar de “International Day for Tolerance” dy’t troch de UNESCO organisearre waard mei stipe fan de Feriene Naasjes.

De band hat al meardere kearen prizen útrikt krigen troch it Ministearje fan Kultuer fan de Republyk Bashkortostan, en twa kear in subsydzje krigen fan it regear fan de Republyk Bashkortostan.

Zaman bestiet út Aidar Khamzin, Radmir Muftakhin, Islam Ilembetov, Elena Sozykina, Alexander Popov, Rychagov Georgii en Safiullin Timur. Sy sille optrede mei it liet “hыутма” (“Doch net sa kâld”), yn it Bashkir.

Partners