International
Header

Aafke Zuidersma

Festival 2017
IMG_8476

Fryske singer-songwriter Aafke Zuidersma libbet yn it noarden fan Nederlân. Fan jonge leeftiid ôf hat sy in passy foar muzyk. Doe’t sy 6 jier âld wie, begûn sy mei sjongen en sy is der sûnt dy tiid nea wer mei ophâlden. Troch de jierren hinne hat sy diel útmakke fan ferskate coverbands en oare muzikale projekten.

Aafke hat de measte passy foar it skriuwen fan har eigen lieten. Sy skriuwt foaral yn it Ingelsk en Frysk. Har waarme stim hat al ferskate herten stellen en har karakteristike lûd nimt de minsken mei op in muzikale reis. Har dream is in plaat te meitsjen mei har eigen muzyk, gear te wurkjen mei goede muzikanten en prachtige minsken, en de wrâld oerreizgje mei har eigen muzyk.

Yn 2016 hat sy it Fryske sjongfestival “Liet” wûn mei it Fryske liet “Minsk fan wearde” en mei dit liet sil sy ek meidwaan oan Liet International 2017. Sy skreau dit liet foar in ferstoarne freon. Aafke sil op it poadium begelaat wurde troch Branda Wolters, Bauke Schaap en Ytzen Peterson.

Media


Partners