International
Header

Ruben Semmoh & Romeo Sumter

Festival 2017
foto duo Ruben Romeo

Ruben is in singer-songwriter, mar ek de foarman/leadsinger/gitaarspiler/bandlieder fan de Afro-Carib Ensemblle. Hy is berne yn Paramaribo, de haadstêd fan Suriname. Op syn fyftjinde ferhuze hy nei Nederlân en studearre muzyk oan it Jazzconservatorium yn Rotterdam. As singer-songwriter dy’t op syk is nei syn roots, begûn hy mei it spyljen fan Kawina muzyk. Dit is tradisjonele muzyk fan Suriname, dat troch de slaven spile waard ûnder de slavernij yn Suriname. Hy waard útdage troch it idee om sels lieten te skriuwen en te spyljen yn dit genre. Gearwurking mei ferskate muzykstilen (latin, jazz, funk, klassyk en pop) hat resultearre yn in unyk lûd, groove en gefoel. Dit is ek de achtergrûn fan it liet “Saka Na Pin” (“De pine bettermeitsje”), songen yn it Sranan Tongo.

Hy wurdt begelaat troch syn freon en muzykkollega Romeo Sumter. Romeo is in bekende slachwurker yn Nederân en yn Suriname. Hy kin op ferskate slachynstruminten spylje en syn feardichheden foar afro-ritmes binne fenomenaal. Tegearre, as in vokaal-slagwurk duo, wolle sy in krêftich, romantysk en tradisjoneel liet delsette, dat it publyk meinimt nei it prachtige lân dat Suriname hjit.

Partners